Wy moatte mear Dútsk leare!
No ja, dat fiene wy net, dat fynt de Aksjegroep Dútsk.
Santich jier ferlyn hawwe se it ek al ris besocht,
mar doe woe it úteinlik net slagje, dus besykje se it no mar wer ris op in oare manier. Is goed foar jimme takomstperspektief, sizze de Nederdútsers. Wy fan WC-Eend advisearje WC-Eend. As oft wy op skoalle net al deagoaid wurde mei tiidwurdsfoarmen en namfallen. As oft wy yn'e simmer op it strân net al stroffelje oer de
greppels dy't se grave. Lit se mar Frysk leare!

















