Lân yn brân
Ferbod op Peaskefjoeren? Barbecueferbod?
Makket neat út, seit Memke Natuer. Gewoan de fik der yn by it Fochtelerfean. April docht wer’t se nocht oan hat en dat hawwe wy wer sjoen fan’t wykein. Hûndertfyftich fuotbalfjilden yn’e fik. Fansels wie de brânwacht der op tiid by om te soargjen dat it hillich fjoer net fanút Drente ús Fryske lân yn’e as lizze soe. Dat soe natuerlik sûnde wêze. De brânwacht is master, mar it duorret tsientallen jierren foar’t it Fochtelerfean wer is sa at it wie. Dat krije je der fan, at je de natuer harren gong gean litte yn in natuergebiet. Gelokkich is der altiten noch de minsk, dy’t de natuer mei grutte spuiten, helicopters en in protte wetter in flinke tik op’e fingers jout. Net wer dwaan!

















