Mei 130 troch de polder
It is hast safier. We kinne aanst hurder ryde tusken De Jouwer en Almere. Op it traject fan 80 kilometer kin aanst mei in snelhyd fan 130 op ‘e teller troch de polder jaacht wurde.
De boerden stean der al, mar de rjochterfoet mei offisjeel noch it gaspedaal oant de boaiem yntraapje. Dat is ast in âld dafke of opel kadettsje rydst natuerlik. Oars giet it fierstente hurd.
Lokkich is it hast safier. We kinne tiid besparje en benzine ferbrasse. At we fierdersoan fanôf Almere gas jouwe en mei 130 op ‘e teller troch de polder fleane, dan binne we 3 minuten earder yn De Jouwer. Moai net!


















