Bisto klear foar in zombie-útbraak?
De Amerikaanske oerhyd hat in pagina op har webside fan it Center for Disease Control foar minsken dy’t sich wapenje wolle tsjin ûndeaden. Op dizze pagina kinst leare hoe wy út ‘e hannen fan zombies bliuwe kinne.
Hast al in oerlibbingspakket klear? Iten yn hûs dat net bedjerre kin? Meardere stompe foarwerpen yn oanslach om de ûndeade buorren mei geweld út hûs te slaan? Nee?! Dan moast hjir mar es efkes sjen. Better let as net. Of yn dit gefal. Better let as dea.
Hast al in skûlplak? Wit dyn famylje ek wer’t se wêze moatte? It stiet allegearre op de webside. Foar in goede tarieding foar in mooglike útbraak moast hjir wêze.


















