Froeks The Movie: WEDSTRIID RIGELS
By de audysjes is it de bedoeling dast in monoloog foardraachst. Derfan steane der fiif op ús website, fia dizze link http://froeks.tv/images/2011-05/monologen.pdf . Kopiear dit nei dyn adresbalke en komst fansels by de monologen terjochte. Sykje hjir ientsje út diest do it leukste fynst, of werfan ast do tinkst dast him it bêste bringe kinst. Meist ek sels wat betinke, mar tink der dan om dat it net langer dan sa'n 45 sekonden duorje mei!
Fan alle auditanten wurdt in filmpke makke dat op ús webside pleatst wurd. Besykers van de webside kinne dan stimme op harren favoryte akteurs. De winners fan de audysjes geane troch nei de castingdei. Der sil in professionele sjuery bepale hokker dielnimmers úteinlik yn'e film spylje sille.
SKRIPTSKRIEUW-WEDSTRIID
Hast dy opjûn foar de skriptskriuw-wedstriid? Dan ferwachtsje wy it folgende fan dy: skriuw in koart ferhaal oer werst do tinkst dat de film oer gean moat. We hoege dus net in folslein skript foar in folsleine film. Hâld it dus koart mar skriuw wol in dúdlik ferhaal!
De film sil harren úteinlik yn Fryslân ôfspylje en de rollen sille troch jongeren spyle wurde, dus hâld der rekken mei!
Wurkje dien personaazjes sa goed mooglik út. Wa binne se? Wat dogge se? Wat belibje se?
Besykje maksimaal 4 oant 5 A4's yn te leverjen, minder mei ek, mear leaver net.
De deadline is 15 juni! Sukses mei skriuwen!


















wer kin je stimme dan? ik kin ut net fiene..?
Oeh, mei stimmen! ik hoop dat ik ‘t dan nog wol helje.