Gleske Coma? Lekker!
As in zombie fan dyn stokje gean en in dikke pankoek op'e grûn del lizze.
It skynt populêr te wêzen ûnder jongerein. Eltsenien sûpt mar coma, de Westerse jeugd fan tsjinwurdich is struktureel bûten westen. Ek yn it Noarden. Oeral witte de jongerein net mear wer't se binne. Wylst it ferbean is om alkohol te ferkeapjen oan jongerein ûnder de 16, is de gemiddelde komasûper 15 jier en it tal komasûpers nimt al mar ta.
No hat it Trimbos-instituut foarich jier in kampagne hâlden tsjin alkoholmisbrûk, mar de reklamebudgetten van Heineken en Grolsch wiene krekt wat grutter. Fraksje mar hjer. Wat seidest? Noait fan Heineken heard? Wa is Grolsch? 1-0 foar it Trimbos-ynstituut en de anti-alkohol reklames.
No goed, wy snappe de lol fan it komasûpen net, mar hawwe wol in wichtige fraach. Sunt it bistje in namme hat, wurdt der nammentlik ek mear oandacht oan bestege, dus: wurd der echt mear dronken de lêtste jierren? Kinne we net sa folle mear hawwe as ús âlden froeger? Of wurde we gewoan sneller nei in sikehûs brocht at wy te folle sopen hawwe? Sis it mar!

















