Hollânske wiggers dogge Amearika
Doe’t earste promofilmke útkaam wie alleman skeptysk oer de autintisiteit fan it nije programma fan RTL en Eyeworks. De “strjittejonkjes” dy’t dêryn spylje liken sa ûnoannimlik leech en sawat nep, dat ‘e measte minsken tochten dat de Holland in da Hood promo in moaie ienmalige grap wie.
Mar neat is minder wier: moarn sil de earste ôflevering om 21.45u útstjoerd wurden by RTL5. Dochs altiten wear ynteressant wat foar idioaten der yn dit kikkertlân omrinne. Binne 't net talintloase minsken dy’t himsels kompleet healwiis breidzje foar miljoenen minsken yn ien fan ‘e untelbere talintenjachten, dan binne 't dus wol rjemmeblanke jonges dy’t tinke dat se swart binne.
Wierskynlik sprekke dizze jonges thús yn hibbich regionaal dialekt mei harren âlders, mar sadree’t se op ‘e strjitte komme hingje mei de homies, lizze harre woartels hommels yn fiere oarden en petearje se mei in aksint as se de ynboargerskursus mei de hakken oer ‘e sleat helle hawwe.
Yn ‘e promo fertelt ien fan disse clowns dat er respekt giet toane neffens de echte ghettobewenners en hopet respekt werom te krije. Echt?! Do settest yn prinsipe in karikatuer del fan dyjinge en ferwachte dat se respekt sjen litte?! “Diskriminearje” liket it bêste wurd foar wat dizze acht jonges oan ‘t dwaan binnen, mar nei alle gedachten giet it opnij moaie fermaaklike televyzje opleverje… Yts dat oan Eyeworks al is tafertroud!

















