NUVERE REKÔRS
Protte minsken hâlde fan oandacht en hawwe hjir faak in hiel soad foar oer. Slagget it net mei in echt bysûnder talint of in spesjale feardichheid, dan betinke se wol wat.
Slach it Guinness Book of World Records d’r mar op iepen. It iene nei it oare kânsleaze rekord, mei in pear echt spesjale útsûnderingen dêr litten. Wat te tinke bygelyks fan it “grutste fleantúch oait iten” of “it rapste meubelstik” om mar wat te neame? Soest in hiele dei kinne besteegje oan it besjen fan ‘e rekôrs en by frijwol eltse nije untdekking wer efteroer slaan fan fernuvering. Mar wêr hâldt it op? Kinne minsken hyltyd wer nije rekôrs betinke of âlde ferbrekke?
It antwurd is ja. En wêr oars komt dit antwurd wei dan Amearika? Just. De sjongeres mei de langste fingerneils yn’e wrâld, hoe betinkt se it. Tiid foar de freedtemiddeisboarrel!

















