DOUTZEN DE FILMSTJER
Nederlân hat inkele jierren werom al kennis makke mei ús Fryske trots, supermodel Doutzen Kroes. Mar as de status fan supermodel - en tsjinwurdich ek mem - foar Doutzen noch net genôch wie, makket se ynkoarten har akteerdebút yn ‘e nije Nederlânske kaskreaker fan Reinout Oerlemans.
Gjin film oer dokters of húsfroulju gelokkich, mar in hoask epysk histoarysk ferhaal oer de untdekkingstocht fan Willem Barentsz nei Nova Zembla. De trailer is lêst útkommen en it sjocht d’r allegearre, seker foar Nederlânske filmbegrippen, tige yndrukwekkend út! Net yn ‘e lêste pleats omdat Doutzen d’r ek tige yndrukwekkend útsjocht yn in korset. As se dy al nedich is…

















