FIRST LOLA
Neidat Lola Bult al troch ús (en dus jim, leave kikers) útroppen wie tot Fryslân’s Next Top Model is sy no klear foar Nederlân.
Op ‘e webside fan Holland’s Next Top Model wurdt nammentlik op dit momint in online contest hâlden. Do kinst dy as model opjaan en minsken kinne op dy stimme. Fansels soene wy Froeks net wêze as wy net diene oan neisoarch foar ús winners. Gean dêrom allegearre nei Lola’s profyl op ‘e site fan HNTM en stim! Wa wit bisto aans mei ferantwurdlik foar de trochbraak fan noch in topmodel út Fryslân!

















