Froeks.TV

Om uploade te kinnen moast ynlogd wêze Om stimme te kinnen moast ynlogd wêze

Registrearje no en rate dyn favorite fideo

Wachtwurd fergetten Ik wol my registrearje

Upload dyn eigen filmke




 

selecteer bestand

lit kanalen sjen

  • kanaal: Froeks.TV Redaksje

    Folgje hjir de aventoeren fan Ricardo, Renske, Maeike, Douwe, Timo, Ganna, Rikst, Laura…

  • kanaal: Kunstbende 2011

    Check hjir alle filmkes fan Kunstbende 2011. Yn 'e grutte en lytse seal binne alle acts…

  • kanaal: Kunstbende 2012

    Het kanaal van de Friese voorronde van Kunstbende 2012!

  • kanaal: Froeks The Movie

    Froeks.TV giet yn 2012 in spylfilm meitsjen! En do kinst de haadrol spylje! Kinst sels…

  • kanaal: Soap: De Âlde Fabryk

    Online! De soap "De Âlde Fabryk" stiet online, check de ôfleveringen…

  • kanaal: Froeks Flipt

    Liftsto fan ‘t simmer nei Iran? Of silst op toernee mei dyn band troch de States of…

  • kanaal: 3VOOR12 Friesland

    Het kanaal van 3VOOR12 Fryslân, de Friese tak van het grote 3VOOR12 van de VPRO met…

  • kanaal: SjONG

    SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis fan 12…

  • kanaal: Froeks docht Serious Request

    Foar Serious Request 2011 giet Froeks 48u live útstjoere om jild yn te sammelje foar…

  • kanaal: Fryslân's Hottest Student

    Fryslân’s Hottest Student! De foarrondes fine plak yn ferskate winkels…

  • kanaal: Heale Soal Produksjes

    Hagoeie. ------------------------------ Wy binne 2 jongemannen ut Ingwierrum: Jacob van…

  • kanaal: Clipzone

    Clipzone, het kanaal voor muziekvideo's

  • kanaal: Kleine Prijs van Fryslân

    De Kleine Prijs van Fryslân is dé bandcontest van de koudste provincie van Nederland.…

  • kanaal: Noordelijk Film Festival

    Op it Noordelijk Film Festival binne elts jier in soad moaie films te sjen. En dat dit…

  • kanaal: De Hûnekop

    Check hjir alle filmkes fan De Hûnekop!

  • kanaal: Fryslân’s Next Topmodel 2008

    Word Fryslân’s Next Topmodel! Mear info: Klik op'e banner rjochts!

  • kanaal: Fryslan's Next Top Model 2010

    Lola Bult (15) uit Leeuwarden heeft zaterdagnacht Fryslân’s Next Top Model 2010…

 
639 kear besjoen

Froeks docht Serious Request!

Oankommende moandei is it safier! Dan set Froeks.TV útein mei de aksje foar Serious Request fan radiostjoerder 3FM. Froeks.TV sil foar it goeie doel 48 oeren lang live útstjoere fanôf de redaksje yn'e Blokhúspoarte yn Ljouwert.

Twa dagen lang sille de presintatoren harren ynsette om jild yn te sammeljen foar de aksje fan 3FM, dy't dit jier yn it teken stiet fan “moeders in de oorlog”. Fansels is der in wiidweidich programma opset dat 48 oeren troch rint, dêrneist lûke de kameraminsken en ferslachjouwers Fryslân yn om eltsenien fan de aksjes op'e hichte te bringen en jild yn te sammeljen foar memmen yn oarlochsgebieden. Sa kin eltsenien bygelyks in krystboadskip opnimme foar freonen of famylje, dizze wurdt letter dan útstjoert op de livestream. Dêrneast hawwe ferskate bedriuwen út de regio priizen beskikber stelt dy't te winnen binne, sa binne der kaarten foar theaterfoarstellings en muzykoptredens, wellness-pakketten en oare items.

 

 

It episinitrum fan de aksje is it stekje fan Froeks.TV yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Fanút de redaksje, dy't foar de gelegenheid ombouwt is ta tillevyzjestudio, sille de fêste presintatoren fan Froeks.TV harren sjows presinteare. Sa begjinne we de dei sportyf mei moarnsgymnastyk en dernei geane we oan'e kofje yn Ricardo. Oerdei komt der fanalles oer de flier, wêrûnder DJ's, bands, en gasten mei ynteressante ferhalen. Ek yn de nacht giet de útstjoering gewoan troch, sa kin Ricardo dyn takomst foarspelle troch nei de stjerren te sjen en kinst letter yn'e nacht advys freegje foar tusken de lekkens. Tusken de programma's troch hâlde we jim op'e hichte fan it nijs út de provinsje, de tuskenstân fan de opbringsten en de ferskate aksjes. Ek wurde de hichtepunten fan trije jier Froeks.TV wer fan souder helle en kinne jim nei de soap “De Alde Fabryk” en de spylfim “Fuort” sjen.

 

 

Alles is fansels live te sjen op de stream, mar oerdei binne de doarren fan de Blokhúspoarte ek iepen! Kom dus efkes del om in bod te dwaan op in item, yn bydrage te leverjen oan it goeie doel, of om gewoan efkes by de redaksje te sjen!

 


Fanôf oankommende moandei 12 oere middeis oant woansdei 12 oere fia http://www.ustream.tv/channel/froeks-tv




Reageer

Maak een profiel aan