Rotte Apple
De produkten fan it machtichste technologybedriuw wienen earder net stikken te krije by de konsumint. Wylst de makkers fan alle gadgets mei de ‘appel’ en de ‘i’ der hast alles oan dwaan om sa ûnsympatiek mooglik oer te komme. Sawol by de konkurrint as by de konsumint.
It altyd sa betroubere merk Apple. Dat moaie design dat allinnich bestimt is foar minsken dy’t better binne dan de trochsnee PC-burger. Mar hiel stadich heakje no sels de trouste Apple apostelen ôf. En dat leit net allinnich oan it teloarstellende bestjoeringssysteem OSX Lion.
De patintenoarloch dy’t Steve Jobs sels oan alles mei Android software ferkleare hat, begjint no ek grutske foarmen oanstellerij oan te nimmen. Want at der in oar apparaat ek rûne hoekjes hat, dan stjoert de firma Apple in leger oan advokaten nei it front om alle apparaten út de hannel te helje.
No slagje de patintenlikkers fan Apple der wûnderbaarlik ek noch aardich yn om in rjochter der fan te oertsjûge dat ôfrûne hoekjes yntellektueel eigendom is fan it bedriuw mei it ferljochte klokhûs op’e rêch.
Einliks hat de Macintosh einbaas de lêtste streepkes fan syn ‘lifebar’ ferknoeit oan dizze juridyske pesterijen. Wat blykt: Apple hâld sichself nammentlik ek net oan ‘e rigels. De garânsje doogt net. In fatsoenlike garânsje kin der net iens ôf ast djoer guod mei midsmjittiche hardwareprestaasjes keapst. Yn pleats dêrfan krijst in fersekeringskontrakt troch de strot drukt.
Lokkich binne der foar ek goedkepere opties. It is dan net hielendal legaal, mar dêr moast krekt as Apple gewoan skyt oan hawwe. Foar de minsken dy’t Macintosh net farwol sizze kinne, is der altyd noch Hackintosh. Gelokkich bliuwe de Macstores wol iepen foar de merkgeile lutsers. Dy kinne gewoan harren jild oer de toanbank smite at se opnij hypnotyseard wurde troch it fredich pulsearende ljocht fan dy heal oanfretten appel.

















