Voor 'Ricardo Featuring The Stars' gaat Ricardo Brouwer langs bij Sara Kroos en dat gaat natuurlijk niet onopgemerkt voorbij! Mail nu je meest creatieve of de allertofste vraag voor Sara naar redaksje@froeks.tv en als jouw vraag wordt beantwoordt door Sara, win jij 2 kaarten voor haar voorstelling 'Voor De Leeuwen' in Drachten op 22 maart!
Nog efkes en dan is it sa fier! In tsunami fan Unox-mûtsen om't de Âlvestêdetocht foar de doar stiet. Lokkich hawwe wy noch ferstanniche Hollânners, sa as Jort Kelder. Hy hat in online petysje om de Âlvestêdetocht sponsorfrij te hâlden. Froeks.TV hat de petyste al tekene, no de rest noch! Wolsto ek de Tocht der Tochten frij hâlden fan kommersjele shit? Do kinst de petysje hjir fine: http://elfstedentochtsponsorvrij.nl!
Voor zijn nieuwe programma gaat Ricardo Brouwer langs bij Wouter Hamel en dat gaat natuurlijk niet onopgemerkt voorbij! Mail nu je meest creatieve of de allertofste vraag voor Wouter naar redaksje@froeks.tv en als jouw vraag donderdag wordt beantwoordt door Wouter, win jij 2 kaarten voor zijn concert in Leeuwarden op 23 februari!
We hawwe wer in tin laagje iis yn 'e feart. De redens kinne wer nei de sliper ta brocht wurde. Mar net om te reedride. Om oare spultsjes op it iis te dwaan. Want reedride is 2011!
Sjoch hjir mar ris nei. Dit doche se yn Finlân. Finnen witte wol wat se op it iis dwaan moatte. Gewoan wat spikers ûnder de kart en drifte as in baarch.
Of de fariant op iishockey, skiën en streetskating dy't it pepdrankje Red Bull promoot. Mar tink der wol om. Crashed Ice is net foar gaylords!
At de froast hurder wurdt en de Fryske marren der oan liuwen moatte, dan wurdt it tiid foar wat iisfertier mei wyn. Iissyle, dat kinne de Friezen wol.
Of wat tinke jim fan iis kiting. Ricardo... is dit wat foar dy? Do sykest dochs noch in nije sport?
By Froeks.TV op'e redaksje fine wy it alt altyd aardich om ús Ricardo te peste mei syn muzikale foarkar: hy is sawat de ienige Belieber yn'e provinsje. Sa Ricardo, dizze is foar dy!
Yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei hat de plysje in man by Tjerkgaast oanhâlden. Doe't de auto fan dizze man as in sylskip oer de dyk laveerde, tochten de blauwe mantsjes: 'Dizze is foar ús!'
De plysjemantsjes joegen de man in stopsein, want de slogan fan de plysje op 'e Fryske dyken lûdt: 'Laveren doen we op de Friese meren!'
Doe't de skipper syn auto oan 'e kant fan 'e dyk setten hie, klopte de smearis al driftich op it rút. De kapitein koe syn rydbewiis net toane. Dêrom moest hy syn gegevens jaan.
Doe't de man mei de pet syn bertesdatum hearde, tocht de plysje dat hy sels dronken wie. It tsjinoerstelde wie lykwols wier. De kapitein wie nammentlik sa dronken as in doekje en hy hie tefolle drank hân om te hollerekkenjen. 17 desimber 1844 wie net oannimlik genôch om de skotoe te oertsjûgen.
Voor zijn nieuwe programma gaat Ricardo Brouwer langs bij Elske DeWall en dat gaat natuurlijk niet onopgemerkt voorbij! Mail nu je meest creatieve of de allertofste vraag voor Elske naar redaksje@froeks.tv en als jouw vraag dinsdag wordt beantwoordt door Elske, win jij 2 vrijkaarten voor haar concert in Heerenveen op 1 februari + gesigneerde EP's!
Voor 'Ricardo Featuring The Stars' gaat Ricardo Brouwer langs bij Sara Kroos en dat gaat natuurlijk niet onopgemerkt voorbij! Mail nu je meest creatieve of de allertofste vraag voor Sara naar redaksje@froeks.tv en als jouw vraag wordt beantwoordt door Sara, win jij 2 kaarten voor haar voorstelling 'Voor De Leeuwen' in Drachten op 22 maart!
lês fierder »