Wat is Froeks.TV?
Froeks.TV is in online stjoerder foar en troch jongerein yn Fryslân en Frysktalige jongerein bûten de provinsje. De stjoerder stiet middenyn de jongerein- en popkultuer. Dat kin fansels allinnich om’t de stjoerder troch jongerein sels makke wurdt. Froeks-TV bringt yn byld wat jongerein belibje en sit op it snijflak fan jongereinkultuer, social networking en tillevyzje meitsjen. Op de stjoerder kin elkenien mei syn of har eigen kanaal út ein sette.
De jongereinredaksje fan Froeks.TV makket alle dagen fideo- en webloch/nijsitems. De redaksje siket alle dagen it nijs op, djippet tema’s út en makket sels folsleine searjes. Dêrnjonken kin elkenien syn eigen filmkes uploade. It makket net út oft it mei de fideokamera of mei in mobyltsje makke is.

















